Een Hemriker over de Van der Sluizen
en hun grafkelder


Sinds de jaren vijftig maakten onderzoekers van het Meertens Instituut in heel het land opnames waarbij de dialectsprekers min of meer vrijuit spraken over onderwerpen naar eigen keuze. Het streven was hierbij om een dekking te krijgen over het hele taalgebied, en zo geeft de website als geheel inzicht in de gesproken dialecten van het Nederlands rond het midden van de vorige eeuw. Onderstaand de gedeeltelijke transcriptie met een (onbekende) inwoner van Hemrik.
Dit interview is te beluisteren op de site van het Meertens Instituut

No ja, ik leau fan yn 1863 doe wie hjir in grêfkelder oanlein troch de famylje Van der Sluis. Dy famylje Van der Sluis dat wiene hjirre de minsken yn 'e Himrik, he. Fan it jachtgemeenschap, he. En dy hiene de sinten, he, dy wienen ferfeaner, he, en dy wienen boer en dy hiene dy feanarbeiders. Se hiene ek allegear in winkel en dat wie doedestiids in spultsje, doe wie't ferplichte winkelnearing. Doe moesten dy arbeiders hun boadskippen der ek allegear wei betrekke, he. En dy mannen dy binne doe ek noch oergong om oannimmer te wurden fan publieke wurken en doe ha se de Dollard se yndertiid oannommen, it wurk en sa en útfierd. En doe wie dat wurk sawat oplevere, mar se hienen metselwurk dat hienen se wer útbesteld oan in timmerman, dy wenne hjir ek yn de Himrik, mar doe naam dy yn't lêst de saak fan harren oer, sil'k mar sizze, want harren ... de bedikingen dy spullen wienen allegearre, dat wie allegearre klear, mar dy timmerman dy siet der noch mei skoei- en brêgespul, dat moast noch ôfdien wurde, mar dy soe foar de fjirdere ôfhanneling fan de saken soe dy dan rêde. De hearen dy wiene der ôf, toen wie kontrakt opmakke en doe is de dyk trochsprongen en dy timmerman dy draaide der foar op en dy is falyt gongen. Doe ha dy hearen syn hûs en timmerskuorre ek kocht.

Mar, uh, dy soart lju dy,... gongen se dan mei sa'n Utrechts weintsje hienen se froeger en der hiene se twa hyns foar en dan rieden dy hearen der hinne, om mei jild om it folk út te beteljen, wykliks he. Doe binne se ek alris in kear, binne se oanholden, leau'k, troch guon yn 'e nacht, dy't fermomd er út seagen en it hynder beet en ..
Ja yn damesklean
Ja, en der ried er sawat hinne, net?
Hy stuts dy frou, dy hold him de hân ta en doe wie dat in manljushân.
Sa bin se oan de hän kaam. Doe rieden se goed en wol wer en doe krigen je de holle sawat, dat syn hoed bûtenboard foel. Och heden frou der falt myn hoed, wolle jo dy hoed wol even krije? Jawol, en hy der wer út en hy dy hoed opnimme en yn dy tiid jout hy de hynders de line oer de bealch. En jeije, dat sy hiene it swit op 'e bealch hân, ferskriklik. Sa wie hy thúskommen. En doe hie der in bakje mei materiaal, ôfmakkersmateriaal, siz mar, net sa't dy man 't net mei ... koe, soe hy nei. Doe hie der in protte jild hân, hie er wat fongen. Sjoch, doe wie him it wurk ôfnommen.

No ja, sa yn alle gefallen, dy lju dat wiene hjir de minsken mei de sinten, en de oaren dat wienen allegear, ha, ja yn dy tiid fan froeger hienen je lijfeigenen en slaven, en sa'n spultsje wie it sawat no? Dat wienen de âlde tiiden, mar dochs he, dat wiene de lju, mar dy woenen hjir fansels net by oare minsken op it tsjerkhôf lizze. Dat doe ha se achter it tsjerkhôf in grêfkelder oanlein, en der binne dy âlden dy binne der allegear ynkommen. Ik ha der sels noch in pear mei ynbrocht. Mar dy is no ticht, no ôfsluten, en ik leau dat it fan regearingswege net mear mei, net in grêfkelder mear oanlizze, mar no achter dy grêfkelder der ha se noch sa'n hoek en der wurde de ôfstammelingen no dan ynbrocht. Se wolle hja wolle net by it gewoane folk lizze, sjoch. Der lizze no tweintich en der komme njonkenlytsen noch mear by fansels. We ha no in gepensioneerde notaris yn Haren, dy komt hjir ek hinne mei syn frou. En fan 'e wike wie der noch al ien, dy sollisitearde ek al. Syn mem moest hjir dan hinne, want har heit dy lei hjir ek. En dan moest mem, dy wie 92, dy komt hjir earstdeis ek, want dy wie geastlik niks mear en lichaamlik wie se ek al fersliten, sil'k mar sizze. En sy fûn it hjir sa fijn, dat sy woe hjir sels ek graach hinne, want sy wenne no yn Apeldoorn en der wie it sa'n spul, as se dêr ien kear begroeven wie, seach der noait in mins mear nei om, en hjir tippelt in bult folk hinne. Mar der ha je net safolle oan fansels as je in meter grûn boppe de holle as der nochris op rûnkuijerje.
Nee, dat jout net safolle he.